Earste ferlies fuotbalfroulju

12 okt 2013 - 14:28

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean binne freed tsjin it earste ferlies fan it seizoen oprûn. Yn it Belgyske Leuven waard mei 3-1 ferlern fan Oud-Heverlee. Nei in healoere spyljen kamen de Feanfroulju op efterstân. Nei rêst wreide de Belgyske thúsploech de foarsprong fierder út nei 3-0. Topskoarder Vivianne Miedema mocht tsien minuten foar de ein noch wat werom dwaan, mar fierder kamen de froulju fan trainster Jessica Torny net. Troch it ferlies moat SC Hearrenfean de kopposysje no diele mei PSV/FC Eindhoven. Beide ploegen ha15 punten.

Foar de wedstriid waard Vivianne Miedema as earste spylster ea huldige as 'Spylster fan de Moanne' yn de BeNe League. De 17-jierrige spits helle de heechste skoare yn de earste fjouwer wedstriden, wêryn't se seis doelpunten op har namme skreau. Dat oantal hat se yn oktober lykwols al ferdûbele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)