Monumintemerk yn Ljouwert

12 okt 2013 - 13:00

Yn Ljouwert is sneon in grutte monumintemerk. It giet om in ynformaasjemerk dy't bedoeld is foar eigeners fan ryksmonuminten yn de gemeente Ljouwert en it noardlike part fan Boarnsterhim. Op dizze merk kinne belangstellenden bygelyks advys krije oer ûnderhâld fan de gebouwen, finansieringsmooglikheden en wetlike regelingen. Ek is der in gemeentlike webside lansearre mei ynformaasje oer alle monuminten yn de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert monuminten
(Advertinsje)
(Advertinsje)