Oprop: ferlet fan boufakkers

12 okt 2013 - 12:01

Fryslân moat wer in grutske boufakkersprovinsje wurde. Dat fine de learmasters yn de bou. Hieltyd minder jongeren kieze foar de bou en foar wa't dat wol docht, binne der kwalik noch opliedingsplakken. De learmasters, learlingen en boubedriuwen lûke sneon mei in karavaan troch de provinsje. Yn ferskate plakken slacht de wethâlder letterlik 'Spikers mei koppen'. Ek krije alle Fryske gemeenten in brânbrief mei de oprop om mear kânsen te kreëarjen foar Fryske boubedriuwen en foar learling-bouplakken.

Dat is nedich, want oer in pear jier geane in soad boufakkers mei pensjoen en is der ferlet fan jongeren dy't it wurk oernimme kinne.

Trefwurden: 
boufakkers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)