Sigaretten by de pomp stellen
By in ynbraak yn in tankstasjon oan de Haadwei yn Damwâld is sneontemoarn om fjouwer oere yn grutte partij sigaretten stellen. De ynbrekkers kamen binnen troch in doar te fernielen. De plysje hopet dat tsjûgen sjoen hawwe hoe't de dieven mei de sigaretten fuortkaam binne.