Ferwûne by ûngelok yn Grinslân

12 okt 2013 - 10:46

In 35-jierrige frou út Kollumerlân en har healjier âlde dochterke binne freedtemiddei ferwûne rekke yn it Grinzer Wehe-den-Hoorn. In 43-jierrige bestjoerder út gemeente De Marne ferliende gjin foarrang oan de frou. In botsing wie it gefolch. Mem en dochter binne foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. De man hie neat. Beide auto's rekken slim beskeadige.

Trefwurden: 
plysje botsing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)