Lyts Marreplan stiet faai

It Lytse Marreplan stiet faai. Dat seit Harold Visser ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt. It Lytse Marreplan is in plan om in natuer- en rekreaasjegebiet oan te lizzen oan de súdkant van de A7 by Boalsert. Hjirby soene ek ferskate farrûtes oanlein wurde. It idee is dat dit in ympuls jaan kin oan it toerisme yn it gebiet. It probleem is lykwols dat it projekt gjin oanspraak makket op de Nuonjilden. Earder die al bliken dat de gemeente Súdwest-Fryslân fanwege de grutte besunigings ek net meidwaan wol oan it projekt.
Yn novimber nimt de provinsje Fryslân noch in beslút oer it beskikberstellen fan subsydzje. Mocht dy ek net trochgean, dan komt der nei 15 jier in ein oan it Fryske Marreplan.