Ynstallaasje Blue Energy iepen

11 okt 2013 - 21:53

Op de Ofslútdyk is freedtemiddei de pilotynstallaasje foar it Blue Energy projekt iepene. Blue Energy is de namme foar it ynnovative projekt wêrmei't enerzjy wûn wurdt troch it mingen fan swiet wetter út 'e Iselmar mei sâlt wetter út de Waadsee. De ynstallaasje stiet by Breesândyk oan de kant fan it Iselmar. It sâlte wetter komt fia in brêge oer de dyk it gebou binnen, wêr't it mingd wurdt mei it swiete wetter. Troch it ferskil yn konsintraasje ûntstiet der in gemysk proses, wêrmei't elektrisiteit opwekt wurde kin.

Blue Energy is in gearwurking fan de bedriuwen Redstack en Fujifilm en wetterkampus Wetsus út Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)