Ridderspjelde foar Lugtmeier

Underskieding © ANP
Kornelis Jan Lugtmeier fan Harns is freed beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Lugtmeier krige de ûnderskieding opspjelde troch boargemaster Roel Sluiter by it sympoasium 'Perspectief van Palliatief' yn Ljouwert. Lugtmeier wie oant 2000 húsdokter yn Harns. Dêrneist wie er mear as 15 jier sekretaris fan de Maatskip fan Harnzer Húsdokters. Boppedat sette Lugtmeier him as frijwilliger yn foar ferskate soarchstiftings en kommisjes. Sa wie er ûnder oare belutsen by it opstellen fan de earste eutanasybehannelingsrjochtline.