Jubileum spoar Harns-Ljouwert

In eksposysje oer it 150-jierrich bestean fan de spoarferbining tusken Harns en Ljouwert yn it Hannemahûs hat flink wat besikers lutsen. Sa'n 1000 minsken binne nei it Harnzer museum kaam om der trein- en wagonmodellen, ûntwerpen fan it stasjonsgebou en foto's fan eartiids te sjen. Direkteur Ter Avest is tefreden mei it besikerstal, dat foar in grut part bestie út trein- en spoarleafhawwers. It 150-jierrich bestean fan de spoarferbining Harns-Ljouwert wurdt sneon en snein fierd mei tal fan aktiviteiten yn de havenstêd.