Nominaasje foar Witteveen

Wurk yn de bou © ANP XTRA
Witteveen Grond-, Weg- en Waterbouw út Drachten is ien fan de trije kânshawwers foar de titel Bêste Learbedriuw fan Nederlân op it mêd fan bou en ynfra. It Drachtster bedriuw ûnderskiedt him mei it gearwurkingsferbûn ViaWijzer. Dêrmei wurde ûnderwiisynstellings, bedriuwen en opdrachtjouwers oan inoar keppele om projekten op te setten. Belangryk is de sintrale rol dy't studinten yn sa'n projekt krije. Op 6 novimber wurdt de winner troch kennis- en advyssintrum Fundeon bekend makke.