Skjirresliper set froulju ôf

© Omrop Fryslân
Twa âldere froulju út Ljouwert binne fan 'e wike it slachtoffer wurden fan in skjirresliper. De man belle woansdei en tongersdei oan mei it oanbod om skjirren, messen en gersmeaners te slypjen.
Ien fan de froulju krige nei it wurk in rekken fan 680 euro. It oare slachtoffer moast hast 300 euro betelje. Troch de yntimidearjende toan fan de man hawwe de froulju de rekken dochs mar betelle. De plysje advisearret om net yn te gean op oanbiedings oan de doar.