Poal trapearre mei qat
In 43-jierrige Poal is tongersdeitemiddei yn Wolvegea oanhâlden foar it yn it besit hawwen fan in grutte partij qat. De plysje kontrolearre op de N351 de auto fan de Poal en seach 24 doazen by him yn de achterbak stean. Nei kontrôle die bliken dat dêr qat yn siet.
De Poal is oanhâlden foar it skeinen fan de opiumwet.