'Gjin bochten yn fytstunnel'

11 okt 2013 - 12:43

De Lemmerwei-fytstunnel yn Snits ûnder de A7 troch moat rjocht bliuwe. Der moatte gjin skerpe bochten yn lykas yn de fytstunnel Tinga, hûndert meter fierderop. Dy is gefaarlik foar fytsers. Dat fine de riedsleden fan de gemeente SWF, dy't freed troch de tunnels fytst binne op in aksje fan de buertbewenners.

Oan de Tinga-tunnel by de brêge Duvelsrak kin neat mear dien wurde, want dy leit der al. Oer de oanpassing fan de tunnel yn de Lemmerwei moat de ried noch in beslút nimme. Se wolle gjin twadde Tinga-tunnel, sa is wol dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)