'Greidefûgelstân hoopfol'

De greidefûgels lykje de kâlde, droege maitiid goed trochstien te hawwen. Dat makket it Bûn fan Fryske Fûgelwachten bekend op basis fan tellings fan nêsten. Ek al rûn de natuer begjin dit jier hast in moanne achter, dochs hawwe de greidefûgels dy fertraging yn de moannen dêrnei wer goedmakke.
It BFVW neamt de stabilisearing fan de greidefûgelstân 'hoopfol'. Fan de skries en de tsjirk binne sels mear nêsten teld.