Menameradiel akkoart mei fúzje

11 okt 2013 - 09:51

De gemeente Menameradiel hat tongersdeitejûn unanym ynstimd mei it foarstel foar gemeentlike weryndieling. De gemeente wol mei It Bilt en Frjentsjerteradiel yn de nije gemeente Westergo opgean. It folsleine proses moat op syn lêst op 1 jannewaris 2018 klear wêze.

Gemeente It Bilt moat noch wol oer de weryndieling gear. De gemeente Frjentsjerteradiel gie ferline wike akkoart mei de fúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)