Miljoenebesuniging Ljouwert

De alderlêste begrutting fan de gemeente Ljouwert sa't dy no bestiet hat min nijs. Der moat yn de nije gemeente, nei't de helte fan Boarnsterhim der yn opnaam is, 10 miljoen euro besunige wurde. In echte kar makket it kolleezje fan no lykwols net. Dat hat te krijen mei de kommende ferkiezings. It nije kolleezje en de nije ried moatte dan as earste te set oer in pakket maatregels fan 4,3 miljoen euro.