Jubileumboek oer Strontrace

10 okt 2013 - 21:32

Dit jier fynt yn Warkum foar de 40e kear de Strontrace plak. Yn it ramt fan it jubileum fan de sylwedstriid presintearret de Fiskerijferiening fan Warkum in spesjaal boek mei foto's en ferhalen dy't in byld jouwe fan fjirtich jier erfguod op de Iselmar.

Sneintemiddei 20 oktober sil oprjochter en inisjatyfnimmer fan de skûtsjesylrace huldige wurde. Hy organisearre yn 1974 de earste race, wêryn't skûtsjes fan Warkum oer de Iselmar nei de Bollestreek farre. Dit is de histoaryske rûte dy't Fryske boeren yn it ferline farden mei dong.

Trefwurden: 
Warkum Strontrace
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)