Nij plan smyt soad banen op

10 okt 2013 - 21:14

De plannen fan in groep Fryske ûndernimmers om de provinsjale ekonomy der wer boppe-op te helpen moat hûnderten banen opsmite. De ûndernimmers wiene tongersdeitejûn te gast by deputearre Hans Konst om de plannen oan te bieden. Konst wie ûnder de yndruk. Der binne plannen foar it opsetten fan nije stiftingen en bedriuwen yn ferskate sektoaren. Sa soene der fosfaatrecyclingsbedriuwen komme moatte en binne der plannen om it doarpslibben oerein te hâlden. Dêrfoar is 1,7 miljoen nedich. De ûndernimmers hoopje op finansjele stipe fan de provinsje.

De groep dy't dit alles betocht hat, bestiet út ûndernimmers fan grutte Fryske bedriuwen. De plannen steane wol los fan dy bedriuwen.

Trefwurden: 
Hans Konst Fryske ekonomy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)