Talsma net sunichste wethâlder

10 okt 2013 - 20:52

Haije Talsma, wethâlder yn de gemeente Ferwerderadiel, is der krekt net yn slagge de meast duorsume wethâlder fan Nederlân te wurden. Yn de striid mei 68 oare wethâlders en boargemasters einige Talsma as twadde.

De dielnimmers gongen in moanne lang thús oan 'e slach om safolle mooglik elektrisiteit en gas te besparjen. Talsma besparre 80% op syn gasrekken en 70% op stroomkosten. Winner waard Ed de Graaf fan Middelburg. Hy wûn de wedstriid mei in besparring fan 82,2% op gas en 81,1% op elektrisiteit.

De wedstriid wie in inisjatyf fan Urgenda, yn gearwurking mei it Klimaatverbond en enerzjymonitor Wattcher.

Trefwurden: 
duorsumens Haije Talsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)