Bioprosessor meast duorsum

10 okt 2013 - 20:35

It projekt Bio Product Processor is tongersdei de winner wurden fan de ferkiezing ta 'Projekt fan duorsume betsjutting'. De prosessor set mei help fan ensimen ôffalprodukten lykas oalje en fet út slachtôffal, frituerfet en fet út rioelputten om yn yngrediïnten foar iten, medisinen en feefoer. De elektrisiteit en waarmte dy't hjirby frijkomt, kin wer brûkt wurde op it agraryske bedriuw. It byprodukt oalje kin as biofuel ferkocht wurde. In sjuery ûnder lieding fan boargemaster Ferd Crone beoardielde it projekt ta meast ynnovative útfining.

De priis waard bekend makke en útrikt op in sympoasium oer duorsumens yn de Harmonie yn Ljouwert. Peter van der Klok, betinker en makker fan it produkt, giet der fan út dat boeren de prosessor de kommende jierren massaal oanskaffe sille, om't it de opbringst fan it bedriuw bot ferheget.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)