Plan grut ûnderhâld Wommels

10 okt 2013 - 20:09

De omjouwing fan it gemeentehûs yn Wommels giet op de skeppe. It kolleezje fan B&W wol it ûnderhâld oan de tún fan de gemeente útstelle om ek de strjitte en it pleintsje tsjinoer it gemeentehûs oanpakke te kinnen. Dat is in winsk dy't al jierren libbet by sawol de gemeente as de middenstanners yn de buert.

Oant no ta wie it der net fan kaam, ûnder oare troch jildgebrek. No kinne de wurksumheden neffens it kolleezje dochs los. Se wolle dêrom ynkoarten om tafel mei omwenners by te praten oer hoe't de nije sitewaasje der krekt útsjen moat.

Wat wis is, is dat der parkearromte bliuwt foar de winkels en dat it trochgeande ferkear gjin hinder fan de wurksumheden ûnderfine mei. As ek de gemeenteried akkoart giet dan wol de gemeente Littenseradiel dizze winter wurkje oan in plan.

Trefwurden: 
Wommels ûnderhâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)