Mingd gefoel by sâlt-groep

10 okt 2013 - 17:14

It ophâlden fan de sâltwinning op it lân troch sâltfabryk Frisia yn Harns is mei te tankjen oan de aksjegroep 'Laat het zout maar zitten'. Dat tinkt âld-foarsitter Martsje Haitsma fan Tsjummearum. Troch it krewearjen fan de aksjegroep binne de bewenners en de polityk har bewust wurden fan de gefolgen fan sâltwinning.

Woansdei waard bekend dat Frisia fan 2015 ôf de sâltwinning op it lân stadichoan ôfbout en fierder giet ûnder de Waadsee.

Yn 2021 moat alle sâlt dêr wûn wurde. 'Laat het zout maar zitten' hat fan 2001 ôf tsien jier lang besocht de sâltwinning te kearen, sûnder sukses. De âld-foarsitter hat dan ek wat in dûbel gefoel by de nijste ûntjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)