Doniastate wol graach groeie

Bernebuorkerij Doniastate yn Stiens sjocht nije kânsen foar syn útwreidingsplannen, no 't de gemeente troch in wetswiziging ferantwurdlik wurdt foar de begelieding en deibesteging fan hendikepten. Dy wetswiziging giet op 1 jannewaris 2015 yn.
Op de bernebuorkerij yn Stiens wurkje no al ûngefear 50 hendikepten. Troch de útwreiding fan de buorkerij soe der plak wêze foar nochris tsien minsken. Doel is dat it oantal besikers dan tanimt fan 65.000 nei 100.000. Dat moat foaral komme troch iepenstelling yn de winter.
Dêrfoar moat de maneezje ferboud wurde ta oerdekte boarterstún. Plannen foar de útwreiding wiene der al langer. De bernebuorkerij soe útwreidzje as de wenwyk Nije Stins folboud waard, mar troch de krisis is dat op in sêft sin setten.