Amtners op bleatkalinder

10 okt 2013 - 15:49

Tolve manlike amtners fan de gemeente Ljouwert ha meiwurke oan in eroatyske mannekalinder. De foto's binne naam foar de garaazje fan de gemeentlike plantsoenetsjinst. Dizze kalinder is makke foar de Fryske Milenniumrally. Nije wike sille de amtners nei Afrika ta.

Fan it jild dat dizze rally opsmyt wurdt in projektsintrum makke yn Mauritanië. Tongersdeitemiddei krige wethôlder Isabella Diks it earste eksimplaar fan de eroatyske kalinder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)