Anema op matsje by NOC*NSF

BAM Unive ploech 2013-2014 © ANP
Reedrydcoach Jillert Anema moat jûn oan technysk direkteur Maurits Hendriks fan NOC*NSF útlizze hoe serieus syn wurden earder dizze wike wiene, dat de alvestêdetocht foar syn BAM-team wichtiger is as de Olympyske winterspelen.
Anema sei dat syn riders Sotsji ferlitte sille as der in alvestêdetocht útskreaun wurdt. Foaral Jorrit Bergsma foel syn coach by. NOC* NSF is net bliid mei de útspraken.