Sinnehiem offisjeel iepen

It fernijde Sinnehiem wurdt op 16 oktober iepene.
Wensoarchsintrum Sinnehiem yn Haulerwyk wurdt op 16 oktober offisjeel iepene troch boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf. Sinnehiem waard yn 1971 boud op inisjatyf fan fjouwer tsjerken. De grutte ferbouwing fan it soarchsintrum wie yn novimber 2012 klear.
Yn totaal binne der yn it gebou 62 apparteminten. Dêrneist is yn ien fan de fleugels romte makke foar fjouwer wengroepen foar demintearjende âlderen.