Stekpartij yn Burgum

10 okt 2013 - 12:03

De plysje hat woansdeitejûn in 60-jierrige ynwenner fan Burgum oanholden foar in stekpartij. De man hie spul krigen mei in 55-jierrige plakgenoat. Doe't dy ferhaal helje soe by de wenning fan de fertochte, eskalearre de rûzje.

De fertochte stuts syn slachtoffer mei in skerp foarwerp yn 'e hân. It slachtoffer moast yn it sikehûs behannele wurde. De plysje hat de fertochte yn syn wenning oan de Botte Jaerlastrjitte oanholden en stelt in fierder ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Burgum stekpartij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)