Enerzjyloket Gytsjerk langer

10 okt 2013 - 11:48

It enerzjyloket yn Gytsjerk bliuwt in jier langer iepen. It projekt is yn 2011 opsetten om 200 wenningen yn de gemeente Tytsjerksteradiel enerzjysuniger te meitsjen. Dit is neffens de gemeente Tytsjerksteradiel royaal slagge.

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel kinne by it loket mear ynformaasje krije oer it enerzjysuniger meitsjen fan harren wenning. Sy krije dan bygelyks advys oer isolaasje of finansieringsmooglikheden. It loket sit no noch yn in gewoane wenning yn Gytsjerk en bliuwt iepen salang't dit hús noch net ferkocht is.

Der wurde ek noch ferskate ynrinjûnen organisearre yn oare doarpen yn de gemeente.

Trefwurden: 
Gytsjerk enerzjyloket
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)