Froulju betelje mei falsk jild

© ANP XTRA
De plysje hat twa froulju fan 30 en 31 jier út Ljouwert oanholden foar it beteljen mei falsk jild. Dat diene se yn in grientesaak yn Gytsjerk. In tsjûge notearde it kenteken fan de auto fan de froulju, doe't it falske jild ûntdutsen waard. De plysje koe de froulju even letter yn it hûs fan de 30-jierrige fertochte oanhâlde. Yn de auto fûn de plysje noch mear falsk jild. Der moat noch útsocht wurde oft de froulju foar mear saken ferantwurdlik binne.
De ôfrûne wike krige de plysje acht meldings oer beteljen mei falsk jild.