Provinsje tsjin plan Plasterk

10 okt 2013 - 10:51

De provinsje Fryslân makket beswier tsjin de provinsjale weryndielingsplannen fan minister Plasterk. De minister is fan doel om ynkoarten syn plan om fan de Rânestêd ien provinsje te meitsjen nei de Twadde Keamer te stjoeren. Neffens Fryslân is de minister hjirmei lykwols in dearinnende dyk ynslein. Sa soe der noch hieltyd net in oertsjûgjend plan foar de takomst fan it folsleine iepenbier bestjoer wêze. Neffens deputearre Tineke Schokker jout minister Plasterk sels al oan dat der gjin needsaak is foar in weryndieling.

Neffens har kin dêrom de enerzjy dy't hjir no yn stutsen wurdt better brûkt wurde foar oare saken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)