Beswier tsjin sâltwinning

10 okt 2013 - 08:14

Frisia Sâlt hellet in rekkentrúk út as it giet om de boaiemdelgong troch de sâltwinning ûnder de Waadsee. Dat seit Natuurmonumenten as ien fan de organisaasjes dy't beswier oantekenet tsjin de plannen fan Frisia Sâlt om fan 2015 ôf te begjinnen mei de sâltwinning ûnder it Waad.

Neffens wurdfierder Alje Zandt wurdt de boaiemdelgong oer in fierstente grut gebiet berekkene. Dêrtroch liket de boaiem yn trochsnee mar in lytse bytsje te sakjen, wylst dat tichteby it plak dêr't it sâlt fuorthelle wurdt hiel oars wêze kin.

Krekt op dat winningsplak binne in soad droechfallende sânplaten dy't hiel wichtich binne foar fûgels dy't dêr fretten sykje. Dat probleem soe nei ferrin fan tiid wer oplost wurde troch oanfier fan sân út de Noardsee, mar de trekfûgels kinne sa'n wichtige boarne fan fretten net in pear jier misse. Zandt tinkt dat der dan tsientûzenen fûgels dea gean sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)