Oarkonde foar kninerêder

09 okt 2013 - 20:21

Marijke Taekema út Eastermar hat woansdeitemiddei in oarkonde krigen fan de Fryske ôfdieling fan de Partij voor de Dieren. De bistedoktersassistinte yn opleiding krige de priis foar har ynset foar kninen.

Se is seis jier lyn begûn mei de opfang en it werompleatsen fan dizze bisten. Dat docht se altiten yn pearen, omdat kninen selskipsbisten binne.

Trefwurden: 
kninen Eastermar oarkonde PvdD
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)