Stenden fan 'e wike fegetarysk

09 okt 2013 - 15:02

Yn de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert leit fan 'e wike de klam op fegetaryske mielen. It is no de Wike fan it Fegetaryske Restaurant. De fariaasje fan fegetaryske gerjochten yn restaurants is meastentiids net grut. Ridlik bekend binne de fega-lasanje, de geitetsiissalade en de fegetaryske hertlike taart, mar folle fierder giet it net.

Om de takomstige koks yn 'e kunde komme te litten mei fegetaryske gerjochten, jout kok Marco Lexmond it goede foarbyld. Griente wurdt in hieltyd wichtiger ûnderdiel fan de gerjochten op Stenden, seit er.

De Wike fan it Fegetaryske Restaurant is mei yn it libben roppen troch it fegetariërsbûn. Dat wol graach sjen litte dat fegetarysk iten yn in restaurant mear wêze kin as de 'dochs wat gewoane' geitetsiissalade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)