Feiligensaksje op A7

© Google Street View
Op de A7 binne Rykswettersteat, Veilig Verkeer Nederland en 'A7-feilich' tongersdei de hiele dei aktyf om minsken nochris te wizen op it belang fan feiligens op de dyk. It projekt 'A7-feilich' rint al hast twa jier mei foarljochtingskampanjes en in webside.
Bestjoerders kinne op de webside in enkête ynfolje en reaksjes achterlitte. De side hat yn oardel jier tiid goed 25.000 besikers hân. De organisaasje wol noch mear berikke. De hiele dei binne se oanwêzich om bestjoerders te wizen op saken lykas ôfstân hâlde en net te hurd ride.