Jonkje yn wetter smiten

09 okt 2013 - 11:56

In jonkje fan 10 jier is tiisdei troch twa jonges fan likernôch 18 jier yn it wetter oan de Spoarsingel yn Wolvegea smiten. It jonkje wie mei freontsjes op in flot oan it boartsjen en bleau úteinlik allinnich oer. De beide âldere jonges smieten him doe yn it wetter. It jonkje koe der sels wer útkomme.

De plysje siket tsjûge fan it ynsidint. Dat barde tiisdeitemiddei om healwei fjouweren. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne harren melde by de plysje.

Trefwurden: 
Wolvegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)