Undersyk sluting Prins Dokkum

08 okt 2013 - 21:51

Der moat in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de rjochtmjittichheid fan de sluting fan Prins Dokkum. Dat hat de ûndernimmingskeamer yn Amsterdam besletten.

Fakbûn FNV hie frege om it ûndersyk. Se leauwe net yn de reden fan de direksje foar de sluting. Dy hat sein dat der gjin wurk mear wie foar de 33 wurknimmers. Mar nei de sluting fan it fabryk hawwe se de masines nei Poalen brocht om se dêr yn te setten, seit it FNV. De betingsten fan it sosjaal plan wiene neffens de fakbûn ek 'ûnmooglik'.

De froulju dy't aksjefierden foar it behâld fan de banen fan harren echtgenoaten binne bliid mei it ûndersyk. Se tinke dat it oantoane sil dat it proses fan de sluting fan gjin kant doocht. De froulju fierden lange tiid njonken harren manlju aksje by de poarte fan Prins Dokkum.

Trefwurden: 
FNV Prins Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)