Nij doarpsgebou yn Hurdegaryp

08 okt 2013 - 17:24

It nije multyfunksjoneel sintrum fan Hurdegaryp dat tiisdei iepene is, hat de namme It Maskelyn meikrige. Yn it doarpsgebou wurde alle sosjaal-kulturele aktiviteiten ûnderbrocht. De doarpsferienings en de jeugd krije in apart plak yn it gebou.

De bou fan it sintrum wie in gearwurking tusken de gemeente Tytsjerksteradiel en wenningkorporaasje WoonFriesland. It inisjatyf kaam fan Doarpsbelangen Hurdegaryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)