Berne-opfang wer wat positiver

It giet wer wat better yn de berne-opfang. Nei jierren fan delgong soe der no sprake wêze fan stabilisaasje en hjir en dêr sels in bytsje groei. Neffens de stifting SKIK, dy't berne-opfang fersoarget yn de regio Joure, binne troch de jongste ûntjouwing twongen ûntslaggen fan de baan.
Direkteur Ineke Fennema fan SKIK seit dat âlden de grins berikt hawwe om noch langer te besunigjen op berne-opfang. Boppedat komme guon âlden werom dy't wurk fûn hawwe, of dy't net tefreden binne mei de alternative opfang.
By de Stichting Kinderopvang Leeuwarden (SKL) en de Stichting Welzijn Middelsee binne ek sinjalen dat der sprake fan is stabilisaasje. No't de oerheid foar takom jier âlden finansjeel wer mear yn 'e mjitte komme wol, binne de ferwachtings foar 2014 posityf.