Drave foar Serious Request

08 okt 2013 - 14:02

Tsien hurdrinners komme yn desimber yn aksje foar Serious Request. Yn seis dagen drave se 700 km by alle stêden del dêr't it Glêzen Hûs stien hat. Dj's fan 3FM litte harren dêr yn de wike foar de krystdagen opslute om jild yn te sammeljen foar it goede doel. Dit jier stiet it hûs yn Ljouwert. De jildynsammelaksje is bedoeld om bernestjerte troch diarree tsjin te gean.

De lêste 10 km fan de slotetappe op 24 desimber moatte safolle mooglik minsken meirinne dy't harren sponsorje litte, sadat se in grouwe sjek nei it Saailân ta bringe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)