Alberda nei fuotbalstichting

Joop Alberda © ANP
De eardere follybalcoach Joop Alberda is foarsitter wurden fan de Stichting Meer dan Voetbal. De stichting is yn 2004 oprjochte troch de KNVB en is benammen bedoeld om de maatskiplike rol fan fuotbal sichtber te meitsjen. Dêrfoar wurde ûnder oare workshops en kongressen hâlden.
De stichting docht boppedat yn gearwurking mei de Universiteit fan Utrecht alle jierren ûndersyk nei de maatskiplike belutsenens fan betellefuotbalorganisaasjes yn Nederlân en wat dat opsmyt.