Wurkstraf yn saak-astromûs

08 okt 2013 - 11:35

Twa Drachtsters hawwe wurkstraffen op betingst krigen om't se yn 2011 yn Burgum in fjoerpylk mei in mûs deroan de loft yn sketten hawwe. De rjochter yn Ljouwert die tiisdei útspraak yn de saak. Neffens de rjochter gie it om 'dierenmishandeling van het zuiverste water'. Om't de saak sa lang lizzen bleaun is, woe de rjochter gjin finzenisstraf jaan. De twa krigen fyftich oeren wurkstraf, folslein ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier.

De mûs waard letter bekend as de 'astromûs'. Hy is noch altyd te sjen yn Natuermuseum yn Ljouwert.

Trefwurden: 
rjochtsaak mûs astromûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)