Ekonomy groeit noch net

De ekonomy yn Fryslân groeit takom jier noch net. Yn 2014 is der in krimp fan 0,2 persint, sa docht bliken út de regiosifers fan it Ekonomysk Buro fan de ING. Fan de trije noardlike provinsjes lit allinnich Grinslân in lytse plus sjen fan 0,1 persint.
De wurkleazens yn it Noarden rint takom jier fierder op. Yn Fryslân giet it om 11 persint. Neffens de regiodirekteur MKB Noard-East fan de ING moat it noardlike bedriuwslibben him no benammen rjochtsje op sektoaren dy't al sterk binne, lykas rekreaasje, enerzjy en miljeu.
In dúdlike ekonomyske en bestjoerlike aginda yn de noardlike provinsjes is neffens de regiodirekteur tige wichtich.