Foaral jannewaris wurdt kâld

Winter yn Fryslân © Omrop Fryslân
De moannen jannewaris en febrewaris sille kâld of flink kâld wêze. Dat seit waarman Piet Paulusma yn syn foarlopige winterferwachting. Hy giet út fan in gewoane oant te kâlde winter, wêrby't op natueriis riden wurde kin.
Desimber ferrint wikselfallich en sil oan de mylde kant wêze. Yn jannewaris kinne der ien of twa echt kâlde winterperioaden komme mei natueriis. Febrewaris wurdt ek kâlder as oars, mar is wol wikselfalliger as jannewaris. Ein novimber komt Piet Paulusma mei syn definitive winterferwachting.