BAM-ploech klear foar winter

07 okt 2013 - 22:05

Foar de maratonriders begjint kommende sneon it seizoen op de Jaap Edenbaan yn Amsterdam. Foar de BAM-ploech fan Jillert Anema wurdt it in bysûnder jier. Sy wolle op twa fronten stride, fansels op de maratons, mar ek op de langebaan mei as hichtepunt de Olympyske Spelen yn febrewaris yn Sotsji.

Mar as der in alvestêdetocht riden wurde kin, komt de BAM-ploech dêrfoar werom nei Fryslân, want dat is neffens de trainer de alderbelangrykste wedstriid dy't der bestiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)