Jong Hearrenfean wint fan ADO

Samir Fazli © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn thús frij simpel mei 3-1 wûn fan ADO Den Haag. Op sportpark Skoatterwâld kaam de ploech fan Marco Roelofsen al nei trije minuten mei 1-0 foar nei in goal fan Marco Pappa. Foar rêst skoarde Samir Fazli de 2-0 út in strafskop.
Yn de twadde helte rekke Hearrenfean debutant Daley Sinkgraven kwyt troch in reade kaart. Jong ADO Den Haag kaam yn de 70e minút noch wol werom nei 2-1, mar fuort dêrnei soarge Yanic Wildschut foar de fertsjinne 3-1 oerwinning.