Feiligensskan foar winkels

Undernimmers yn de binnenstêd fan Ljouwert krije de kommende twa wiken fergees in feilichheidsskan oanbean om de feiligens yn harren winkel yn kaart te bringen. Adviseurs fan it Centrum voor Criminaliteitspreventie en Veiligheid (CCV) komme del foar in fragelist en in petear mei de ûndernimmer. Op dy wize wurdt in advys foar feilichheidsmaatregels opsteld.
De CCV biedt de feilichheidsskan fergees oan lytse ûndernimmers oan. Undernimmers kinne in subsydzje fan tûzen euro krije om de foarskreaune feilichheidsmaatregels út te fieren.
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert joech moandei yn it ramt fan de Wike fan de Feilichheid de ôftraap fan de feilichheidsskan. Elektroanikasaak TDC oan de Foarstreek yn Ljouwert waard as earste test.