Fermiste jonge sjoen yn Drinte

Plysje-embleem © ANP
De 14-jierrige jonge dy't fermist wurdt út soarchynstelling Woodbrookers yn Koartehimmen is sjoen yn Rolde. De plysje besiket him dêr op te spoaren, sadat hy nei de ynstelling werom brocht wurde kin. De jonge wie dit wykein mei in maat (13) fuortrûn út it behannelsintrum foar jongeren mei gedrachs- en psychiatryske probelemen. De 13-jierrige hat him snein wer melden en fertelde dat se yn in bosk by Beetstersweach sliept hiene.
De plysje hat ûnder oare Burgernet ynskeakele om de jonge te finen.