Ferkear fêst troch Mediamarkt

By de Mediamarkt yn Ljouwert is it sneontemiddei sa drok, dat der net ien mear de winkel yn mei. Pas as in pear klanten de winkel út binne, wurde nije besikers talitten. By de doarren binne bewakers delsetten. De elektroanikawinkel hat in aksje, wêrby't op in soad produkten de 19 persint btw as koarting jûn wurdt. Troch de grutte belangstelling rint ek it ferkear op it winkelplein De Centrale hielendal fêst. Ek oare winkels binne dêrtroch dreech mei de auto te berikken.