Crone:kroegen ticht by oerlêst

28 jan 2012 - 15:19

Kroegen dêr't dronken minsken útkomme dy't foar oerlêst soargje, kinne foar in moanne sluten wurde. Dat wol boargemaster Crone fan Ljouwert. It geweld tsjin helpferlieners by it útgean nimt ta. Mei dizze maatregel hopet Crone dat werom te bringen. Hy fynt dat kroech-eigners sels yn 'e gaten hâlde moatte oft ien te folle drank hân hat. Crone wol dit belied opsette yn gearwurking mei oare gemeenten. Hy bringt dit punt yn it regionaal kolleezje oan 'e oarder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)