Frou mei brânwûne yn gesicht

28 jan 2012 - 14:38

In ynwenster (18) fan De Lemmer is freedtejûn slim ferwûne rekke. Se woe de sfearferljochting byfolje mei in brânbere stof. Der ûntstie in ûntploffing en se krige brânwûnen yn it gesicht. Omstanners ha earste help ferliend en 112 belle. It mobile medysjeteam is mei de traumahelikopter kommen om har te behanneljen. Dêrnei is se nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
plysje Lemmer brânwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)